Allegearre hawwe se ommers sūndige en dźrom moatte se de hearlikheid dy't God jout, misse. Romeinen 3:23
Want de soldij dy't de sūnde jout, is de dea, mar wat God śs yn syn genede skinkt, is it ivige libben yn mienskip mei Kristus Jezus śs Hear. Romeinen 6:23
Want troch genede binne jimme behālden, troch de wei fan it leauwen. En dat komt net fan jimsels, mar God hat it jimme jūn. It is net troch goede dieden God wol net dat ien opsprekke soe. Efeziėrs 2:8-9
Mar de tolgarder wie op in distānsje stean bleaun en woe net iens de eagen nei de himel opslaan. Hy sloech himsels foar it boarst en sei: God wźs my sūnder genedich. Lukas 18:13
Want sa wiis wie God mei de wrāld, dat Er syn Ienlingssoan jūn hat, dat elk dy't yn Him leaut, net omkomme, mar ivich libben hawwe soe. God hat ommers syn Soan net nei de wrāld ta stjoerd dat Er it oardiel oer dy wrāld śtsprekke soe, mar dat dy wrāld, troch Him, behālden wurde mocht. Johannes 3:16-17
Der hat jim gjin fersiking oantaast, dy't te swier is foar in minske om te graden. Mar God is tru. Hy sil net talitte, dat jim sa slim fersocht wurde, dat it jimme oermānsk wurdt, mar Hy sil mei de fersiking ek de śtkomst jaan, sadat jimme it śthālde kinne. 1 Korintiėrs 10:13
Want ik ben derfan oertsjūge, dat noch dea noch libben, noch ingelen noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed noch takomst, noch oare machten, noch hichte noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea śs skiede kin fan Gods leafde yn Jezus Kristus, śs Hear. Romeinen 8:38-39
Want Kristus is de ein fan 'e wet, dat elk dy't leaut, wurdt frijsprutsen. Romeinen 10:4
Want de Skrift seit: Op 'e gaadlike tiid haw Ik dy ferheard en de deis fan it behāld haw Ik dy holpen. Sjoch, dy gaadlike tiid, dat is no! Dy dei fan it behāld, dat is hjoed! 2 Korintiėrs 6:2
Doe't se dat hearden, gong it harren troch alles hinne en se seinen tsjin Petrus en de oare apostels: Wat moatte wy dwaan, mannen, bruorren? Petrus antwurde harren: Bekear jimme, en dan moat elk fan jimme him dope litte mei it neamen fan de namme fan Jezus Kristus om ferjouwing fan sūnden te krijen. Dan sil jimme de hillige Geast skonken wurde. Hannelingen 2:37-38
Nim de nije minsklike natuer oan sa't dy nei Gods byld skepen is yn wiere gerjochtichheid en hillichheid. Efeziėrs 4:24
It is sa't beskreaun stiet: Gjin minske is rjochtfeardich, ek net ien. Romeinen 3:10
De sūnde is troch ien minske yn 'e wrāld kommen en troch de sūnde de dea. Dźrom hat de dea gjin minske oerslein om't allegearre sūndige hawwe. Romeinen 5:12
Want doe't wy noch swak wienen, is Kristus op Gods tiid al foar śs, goddeleazen, stoarn. Romeinen 5:6
God lykwols hat śs dśdlik sjen litten dat Er śs leaf hat: Want doe't wy noch sūnders wienen, is Kristus foar śs stoarn. Romeinen 5:8
Mar dy't neffens de hillige Geast, oanwiisd is as Soan fan God yn al syn macht troch syn ferrizenis śt 'e deaden: Hy, Jezus Kristus, śs Hear. Romeinen 1:4
Want wy witte dat Kristus mei't Er śt 'e deaden opwekke is, noait mear komt te ferstjerren: de dea hat gjin mache mear oer Him. Romeinen 6:9
Want asto mei de mūle beliidst: Jesus is de Hear, en mei it herte leaust dat God Him śt 'e deaden opwekke hat, dan silsto behālden wurde. Romeinen 10:9
Want: elk dy't de namme fan de Hear oanropt, sil behālden wurde. Romeinen 10:13
Want ik ben derfan oertsjūge, dat noch dea noch libben, noch ingelen noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed noch takomst, noch oare machten, noch hichte noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea śs skiede kin fan Gods leafde yn Jezus Kristus, śs Hear. Romeinen 8:38-39